Filmkes tsjin drankmisbrûk

Mei fjouwer koarte filmkes wol Kollumerlân alkoholproblemen ûnder jongeren ferminderje. In soad jongeren ûnderskatte de risiko's fan te folle drinken, fynt de gemeente.
Yn 'e filmkes spylje jongeren fan skoallen út 'e regio sels de haadrol. NetNix-produksjes makket se yn gearwurking mei studinten fan de Stenden-Hegeskoalle yn Ljouwert. It earste filmke is tongersdei opnaam op Piter Jelles Impuls yn Kollum.