H'fean hellet talint út Yslân

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean hat in grut Yslânsk talint binnenhelle. It giet om de 17-jierrige Ingolfur Sigurdsson. Hy rûn ûnder oare staazje by Arsenal en Manchester United. De jonge oanfaller spile earder al in heal jier by de C-junioaren fan Hearrenfean, mar kearde troch ûnwennigens werom nei syn heitelân.
Sigurdsson is in linker oanfaller. Hy sil it kommende jier earst útkomme foar de A-junioaren fan Hearrenfean.