Froastskea opknappe: 5 ton

03 jun 2010 - 12:45

Diken mei froastskea reparearje kostet de gemeente Hearrenfean goed 500.000 euro. Dat jild moat komme út 'e algemiene reserves, fine boargemaster en wethâlders. Yn it potsje foar wegenûnderhâld is gjin rekken hâlden mei froastskea. As it jild dêrút komme moat, giet de kwaliteit fan 'e diken noch mear achterút, want reparaasjes wurde dan trochskood nei takom jier.

De leden fan 'e gemeenteried beslute op 5 july oft se akkoart gean mei finansiering út 'e algemiene reserves.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)