Iterij Sir Sebastian fallyt

It romrofte restaurant Sir Sebastian op It Hearrenfean is fallyt. Der is in skuld fan 180.000 euro, wêrfan 40.000 by de ferhierder fan it gebou. Dy hat it fallisemint oanfrege.
It restaurant rjochtet him op sakeminsken. Om't it ekonomysk minder giet, komt dy groep minder faak te iten. De omset wie mei de helte daald. Eigner Jan Gerard van der Wal wie al dwaande kosten te besparjen. Hy hat it tal wurknimmers fan seis nei twa fermindere.