Jildkrapte sosjale tsjinst

03 jun 2010 - 12:08
  • René Paas

Sosjale tsjinsten litte dregere gefallen lizze fanwege jildkrapte. Se rjochtsje harren mear op minsken dy't it maklikst te begelieden binne nei wurk. Dat sei René Paas yn Ljouwert op in jierliks kongres foar managers fan sosjale tsjinsten. Paas is foarsitter fan Divoza, in feriening fan managers fan gemeentelike sosjale tsjinsten.

Paas sprekt de lanlike polityk oan op it probleem, want dy wol noch mear besunigje. Benammen wurkleazen boppe de 45 jier wurde de dupe, seit er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)