'Fergunning REC te ûndúdlik'

03 jun 2010 - 11:54
  • Foto: Omrop Fryslân

De miljeufergunning foar de ôffaloven dy't yn oanbou is by Harns, moat opnij oanfrege wurde. Dat seit de stifting Afvaloven Nee. Neffens de stifting hat opdrachtjouwer Omrin in ûndúdlike oanfraach yntsjinne en besiket it bedriuw sa de earder ferneatige fergunning te krijen.

De oanfraach foar de bou fan 'e reststof-enerzjy-sintrale (REC) foldocht net oan 'e regels. De hiele proseduere moat oerdien wurde, sa is de stichting fan betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)