Fytser (87) yn Dokkum oanriden
In 87-jierrige fytser út Boarnwert is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Dokkum. De man ried oer de Pier Prinslaan en soe oerstekke. Dêrby seach er in auto oer de holle en waard er oanriden. De bestjoerster fan 'e auto hat noch besocht de fytser te ûntwiken, mar dat wie om 'e nocht. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.