Strjitracer skept fytsster

03 jun 2010 - 10:16
  • Foto: Robert Jan Boonstra

De fytsster dy't woansdei swierferwûne rekke yn Ljouwert is it slachtoffer wurden fan strjitracerij. Se waard by it oerstekken fan 'e Snekertrekwei fol skept troch in auto bestjoerd troch in 33-jierrige Ljouwerter. Dy wie tegearre mei in 22-jierrige stedgenoat oan it racen en helle krekt in auto yn. Syn maat naaide hurd út nei it ûngelok. Beide manlju binne oanhâlden.

De frou (50) komt út Frjentsjer. Se is ûnder plysjebegelieding mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)