GSM-oplichters aktyf

Foto: Omrop Fryslân
Tsien jongeren fan It Hearrenfean binne dupearre troch oplichters. Se lieten de learlingen djoere telefoanabonneminten ôfslute. Dêr hearden djoere mobyltsjes by en dy moasten by de manlju ynlevere wurde.
De oplichters soene de abonneminten opsizze en út 'e winst de jongerein hûnderten euro's betelje. Mar dat jild hawwe de skoalbern nea sjoen. Wol sitte se no mei djoere abonneminten en hege telefoanrekkens.