Snits nei heale finale beker

02 jun 2010 - 23:14

Snits Wyt Swart hat him woansdeitejûn pleatst foar de heale finale fan it lanlike bekertoernoai. De sneins haadklasser wûn op it eigen fjild mei 3-1 fan DOVO út Veenendaal. De Snitser goals kamen op namme fan Sido Grin en twa kear Theo Ydema.

It bleau lang spannend, omdat Snits in protte kânsen miste. DOVO einige de wedstriid nei reade kaarten mei njoggen man. Nickel N'Zoko fan Snits krige ek read. De tsjinstanner yn de heale finale is HSC '21 út Haaksbergen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)