Gruthannels drok mei Oranje

Fryske gruthannels hawwe it op dit stuit smoardrok mei oanfragen foar oranje guod. Yn ferbân mei it WK fuotbal dat oer in goed wike begjint, wolle in soad minsken oranje guod thús ha. Njonken petten, T-shirts en opblaasber guod is foaral schmink populêr by de Friezen.
It WK fuotbal begjint freed oer in wike. Nederlân komt foar it earst yn aksje op moandei 14 juny tsjin Denemarken. De wedstryd begjint om healwei twaën middeis.