Film moat famkes warskôgje

In foarljochtingsfilm moat foarkomme dat famkes út Bulgarije hjir twongen yn de prostitúsje terjochte komme. Tsientallen famkes út dat lân wurkje op dit stuit yn it Noarden yn de prostitúsje, ûnder oare op de Ljouwerter Weaze.
Om foar te kommen dat der mear famkes folgje is no in film makke, dy't draaid wurde sil op skoallen yn Bulgarije. Dy film giet oer Olga. De poaier fan Olga waard twa miljoen euro riker, sels hold se der neat oan oer.