Aksje foar wethâlder Zomers

02 jun 2010 - 16:02
  • Wethâlder Frans Zomers

Op ferskate plakken yn Harns hingje posters achter de ruten mei de tekst: "Wethouder Frans Zomers moet blijven". Ek yn de lokale krante Wad op Stad stie in advertinsje mei dy tekst. Wethâlder Zomers is troch it nije kolleezje oan de kant set om't dat fierder wol mei nije bestjoerders.

De aksjegroep achter de posters en de advertinsje fynt dat sa jild weismiten wurdt. Zomers is neffens har goed en troch him opnij yn te hieren hoecht der gjin wachtjild betelle te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)