Fryslân op de foto

02 jun 2010 - 12:33

Fryslân sjen troch de eagen fan seis minsken dy't yn 't foar hielendal neat mei Fryslân hawwe. Dat is it idee achter in projekt dat op dit stuit yn Fryslân rint. It projekt waard woansdei offisjeel presintearre yn Harns.

Seis ynternasjonale topfotografen sille mei it projekt oan de slach. Se komme elk fan in oar kontinint. Har wurk wurdt tusken oktober en desimber dit jier tentoansteld op grutte doeken bûten en op it wetter yn in grut skip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)