Prorail wol feiliger spoar

02 jun 2010 - 12:08

Ferfiersbedriuw Prorail nimt maatregels om de feilichheid op en om it spoar te ferbetterjen. Alle dagen krije se meldings oer fandalisme op en om it spoar. Dit liedt net allinne ta gefaarlike situaasjes, mar ek ta in soad fertragings.

Ferline jier gie it om 2300 meldings út Noardeast-Nederlân. Om dit werom te bringen set Prorail no kamera's en 12 opspoaringsamtners yn. De measte meldings geane oer minsken dy't oerstekke as de bomen del binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)