Problemen kaartferkeap Lawei

02 jun 2010 - 10:42

De webside fan skouboarch De Lawei yn Drachten hat oeren oerbelêste west troch it grut tal minsken dat kaarten bestelle woe foar it nije seizoen. De Lawei is oergien op bestellen fia ynternet en telefoan.

Tiisdei 6 oere jûns gie de foarferkeap los en krigen minsken al gau melding dat se yn de wachtrige set waarden om oerbelêsting foar te kommen. It tal wachtsjenden rûn op oant 1800. Woansdeitemoarn wiene de problemen foar it grutste part ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)