Takomst Eneco Dokkum ûnwis

02 jun 2010 - 10:34

Enerzjybedriuw Eneco wurdt mei yngong fan 2011 opsplitst yn ferskillende selsstannige bedriuwen. Eneco yn Dokkum is fan doel de technyske tsjinst foar partikulieren ôf te stjitten. In tredde part fan de wurknimmers sil dan it bedriuw ferlitte moatte.

Fakbûn CNV ferwachtet net dat dy minsken sûnder wurk komme. Mooglik is der in ynstallaasjebedriuw dat de minsken oernimme wol, mar miskien begjint dy groep ek wol foar himsels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)