Noch gjin spoar fan Boerumer

02 jun 2010 - 10:09

De plysje hat noch hieltyd gjin idee wêr't de 45-jierrige Michael de Vrieze út Boerum is. De man wurdt sûnt 10 april fermist. Heal maaie waard syn auto fûn yn Grins, fan De Vrieze sels is noch gjin spoar. Earder die de plysje al in oprop ûnder skakers oft se mear witte oer de man, omdat er aktyf wie yn dy sport.

De plysje wol no ek graach yn kontakt komme mei kasinobesikers, omdat bliken dien hat dat De Vrieze ek dêr regelmjittich kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)