Kliïnten Talant kinne stimme

01 jun 2010 - 22:05

Kliïnten fan Talant binne goed tared op de kommende ferkiezings fan takom wike. Om in goeie kar te meitsjen krigen sa'n 30 minsken mei in ferstanlike beheining tiisdeitejûn foarljochting oer de polityk en hoe't it krekt wurket.

Dit barde yn it gemeentehûs op It Hearrenfean. Se koene yn de riedseal fragen stelle oan leden fan de gemeenteried fan Hearrenfean. Ek is der in stimboks en in politike krante makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)