Crone teloarsteld oer oername

02 apr 2012 - 14:38

Boargemaster Crone fan Ljouwert is teloarsteld oer de oername fan de Friesland Bank. Neffens him is de bank in ikoan foar de hiele regio. De Friesland Bank is per direkt oernaam troch de Rabobank. De bank soe te lyts wêze om selsstannich troch te gean.

De namme Friesland Bank sil oer twa jier ferdwine. Oant dy tiid is al it personiel wis fan syn baan. Neffens Crone is de Rabobank wol in foar de hân lizzende partner, omdat de bank in selde soart bedriuwsfoarm hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)