Wer fertochte Club-Q oppakt

01 jun 2010 - 16:42

Yn 'e saak Club Q is as nije fertochte in man (20) út De Westereen oppakt. Hy soe by de fjochterij bûtendoar west hawwe dêr't Gerard Dijkstra by ferwûne rekke. De man wurdt nei alle gedachten kommende freed foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.

Woansdei tsjinnet ek it heger berop dat de offisier fan justysje oanspand hat tsjin de frijlitting fan 'e beide earste fertochten. As se fêsthâlden wurde, soe it ûndersyk folle suverder wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)