Leger BTW-taryf sylskoallen

Foto: Omrop Fryslân
Sylskoallen betelje tenei minder belesting oer de lessen dy't se jouwe. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald. Wettersportorganisaasje HISWA en in sylskoalle yn Midlaren yn Drinte hiene dêr in rjochtsaak oer oanspand.
De sylskoallen betellen it hege BTW-taryf fan 19% oer de syllessen. Fan no ôf it lege taryf fan 6%. Dat lege taryf waard altyd al rekkene foar oare soarten sportlessen lykas hynsteride. De útspraak hat as gefolch dat de lesprizen foar silen omleech gean.