Akkoart oer oaljetankers

01 jun 2010 - 16:19

De Waadferiening ferset him net tsjin de komst fan in grutte oaljeopslach fan Vopak yn 'e Iemshaven. Der binne nije ôfspraken makke oer it beheinen fan de risiko's foar de natoer dy't ûntstean troch de oaljetransporten mei tankers. De feriening is tsjin de oaljeopslach, mar der binne wetlik gjin mooglikheden om it te kearen.

Ofpraat is no dat net mear oalje ferfierd wurdt as dat Ryskwettersteat opromje kin as in oaljetanker lekt of fergiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)