Twadde printinge Bosatlas

De earste oplage fan 'e Fryske Bosatlas is útferkocht. Sûnt oktober ferline jier binne 15.000 eksimplaren oer de toanbank gien. Utjouwerij Noordhoff yn Grins hie net tocht dat it sa hurd gean soe. Der komt no in twadde oplage fan trijetûzen. Dy befettet gjin wizigings neffens de earste, omdat alle ynformaasje noch aktueel is.
De útjouwerij hat gjin plannen om ek foar oare provinsjes in Bosatlas út te bringen.