Diels fúzje twa musea Ljouwert

Museum Prinsessehôf (foto: Omrop Fryslân)
Twa musea yn Ljouwert smite diels de lapen gear. Dat moat it Frysk Museum en keramykmuseum Prinsessehôf mear besikers opsmite. Beide musea falle al ûnder ien bestjoer. No wurde ek de ôfdielings markering en kommunikaasje, finânsjes, personiel en organisaasje en de fasilitêre tsjinst gearfoege.
De 55 banen fan no sille bestean bliuwe. Mar om't guon funksjes feroarje, moatte der mooglik dochs minsken út. Der komme gjin twongen ûntslaggen, seit de direksje.