Lemsterlân stimt foar fúzje

01 jun 2010 - 11:40

De gemeenteried fan Lemsterlân hat moandeitejûn yn mearderheid ynstimd mei in fúzje mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat. Allinnich de ChristenUnie en de NCPN wiene tsjin.

Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat hawwe har earder al posityf útsprutsen oer de fúzje. Dêrmei ûntstiet in gemeente mei 50.000 ynwenners. De fúzje soe op 1 jannewaris 2013 in feit wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)