Wurkjouwers wolle 'Sneek'

01 jun 2010 - 10:48

VNO-NCW Noord pleitet foar Sneek of Sneek/Zuidwest-Friesland as namme foar de fúzjegemeente yn 'e Súdwesthoeke. It soe foar de nije gemeente fan grut ekonomysk belang wêze dat de namme herkenber is foar it gebiet. VNO-NCW Noord skriuwt dat yn in brief oan de fiif fúzjegemeenten. Net kieze foar de namme Sneek sil liede ta kapitaalferneatiging, warskôget de wurkjouwersorganisaasje. De namme Sneek is in sterke merknamme dy't hast elkenien ken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)