Mear flearmûzen yn Fryslân

Flearmûzen sitte ek yn gebouwen (Foto: Omrop Fryslân)
Der komme hieltyd mear flearmûzen yn Fryslân. De taname giet net rap, mar wol kontinu. Neffens de sifers fan 1986 binne der de ôfrûne winter goed trije kear safolle marflearmûzen teld. Dat makket Steatsboskbehear bekend.
De taname komt trochdat der minder fergif brûkt wurdt yn 'e lânbou en troch oar behear fan bosken. Alde beammen bliuwe no stean. Dêr wenje flearmuzen faak yn. Flearmuzen ite ynsekten en dat is moai nijs foar minsken dy't net oer miggen kinne.