Akku's út alve trucks stellen

01 jun 2010 - 10:35

Ut alve frachtauto's dy't parkeard stiene by in bedriuw oan 'e Jupiter op It Hearrenfean binne de akku's stellen. Dat is yn it wykein bard.

De dieders hiene in gat yn it stek knipt om op it terrein komme te kinnen. Dêrnei makken se de akkuklemmen los en namen se de akku's mei. De 34-jierrige eigner hat oanjefte dien fan 'e stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)