It Amelân helpt Nepal en Kenia

Theo Kiewiet fan It Amelân krijt dochs 15.000 euro fan 'e gemeente, wylst er seit dat it wol mei de helte ta kin. Syn stichting hie de subsydzje oanfrege foar wetterprojekten yn Nepal en Kenia, mar in grutte aksje smiet nei de oanfraach al 60.000 euro op. De gemeenteried fan It Amelân wist moandei net wat se mei de oanfraach oan moast. It soarge foar skorsings, amendeminten en betiizjende diskusjes. Besletten is it oarspronklike bedrach fan 15.000 euro dochs ta te kennen.