Nepwapen yn soarchynstelling
In 25-jierrige bewenner fan in soarchynstelling yn Burgum is moandei oanhâlden om't er in nepwapen hie. Meiwurkers fan de ynstelling hiene it wapen fûn en de plysje warskôge. Nei ûndersyk die bliken dat it om in imitaasjewapen gie.
De man moast mei nei it plysjeburo. Dêr hat er proses-ferbaal krigen. It wapen is yn beslach naam.