Thialf fierder op eigen plak

31 maaie 2010 - 23:37

Thialf moat fierder op it hjoeddeistige plak. Dat stiet yn it ferslach fan in maatskiplik debat dat moandeitejûn oerlange is oan wethâlder Lyckele Buwalda fan Hearrenfean. In plakje by de A7 krijt hielendal gjin stipe en in minderheid fynt nijbou by it Abe Lenstra stadion better; de saneamde lokaasje Noordplot.

Der is twa jûnen mei sa'n fyfhûndert minsken praten oer de takomst fan Thialf. Minsken koene ek noch fia nije media meiprate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)