Gjin stappen tsjin Belly Wien

31 maaie 2010 - 16:39

Minister Hirsch Ballin sil gjin direkte stappen ûndernimme tsjin it sirkus Belly Wien. De Snitser Marco Van Eekeren hie de minister dêr yn in brief om frege om't in meiwurker fan it sirkus by in foarstelling yn Snits him skuldich makke hawwe soe oan mishanneling.

Boppeddat soe it sirkus him skuldich makke ha oan mislieding. Utdielde frijkaartsjes soene sa ûndúdlik wêze dat besikers net yn de gaten ha dat se dochs yntree betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)