CAO foar provinsje-amtners

Der leit in CAO-akkoart foar de amtners
De fakbûnen en provinsjes hawwe in akkoart berikt oer in nije CAO. Nei moannen fan ûnderhanneling binne se it no iens wurden oer in leansferheging fan 2% yn twa jier tiid. Dêrneist krije de amtners yn juny ek nochris in ienmalige útkearing fan 0,5%.
Sûnt febrewaris fierden de amtners aksje foar in nije CAO. Se fregen om in leansferheging fan 1,5% yn ien jier tiid, wylst de provinsjes fêsthâlde woene oan de nulline.