Unrêst Flylân oer heechlanners

31 maaie 2010 - 12:15
  • De Skotse heechlanners soargje foar ûnrêst op Flylân

De gemeente Flylân is min te sprekken oer de antwurden fan minister Verburg fan Lânbou nei oanlieding fan de kommoasje op it eilân oer tweintich Skotske Heechlanners dy't dêr weidzje sille. Sy stelt û.o. dat alle stappen dy't Steatsboskbehear ûndernommen hat yn de kwestje, foarlein binne oan it gemeentebestjoer en dat is net wier neffens de gemeente.

Steatsboskbehear wol de bisten yn in stik natuer ticht by it doarp Oost-Vlieland ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)