Skulpepaden fuort yn Sk'lân

31 maaie 2010 - 12:08

De gemeente Skarsterlân wol fan har skulpepaden ôf. It giet yn totaal om sa'n 20 kilometer oan rekreative fytspaden. De paden bliuwe bestean, mar se moatte opfuld wurde mei oar materiaal. De skulpen moatte faak ferfongen wurde en de skulpefiskerij is net goed foar it miljeu.

De gemeente siket nei alternativen. Dêrby falt te tinken oan stiennen yn kombinaasje mei liem en kalk. De nije paden moatte in flinke besparring opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)