Gemeente skinkt sekretaresse

31 maaie 2010 - 10:29

Dantumadiel betellet de sekretaresse fan de ûndernimmersferieningen yn de gemeente. Dy ferienings hiene grutte problemen om frijwilligers te finen foar it administrative wurk. Dêrom hat it kolleezje fan B&W besletten dat de ûndernimmers stipe krije.

De sekretaresse sil 20 oeren yn de wike wurkje foar de ferskate ûndernimmersferienings. Har lean sil de kommende twa jier betelle wurde út in ûndernimmersfûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)