Auto yn 'e brân yn Hurdegaryp

Yn de nacht fan snein op moandei is by in wenning op de Koaikamp yn Hurdegaryp in auto yn de brân stutsen. Der wie ek in grut rút yngoaid by de wenning. De 42-jierrige eigneresse fan de auto hat de brân sels blust. De plysje hat de dieders socht, mar hat se net mear oantroffen.
Tsjûgen wurdt frege har te melden by de plysje. Dat kin fia 0900-8844 of fia Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.