Fellinga nei Harkemase Boys

Lesly Fellinga yn aksje foar Toronto
Lesly Fellinga spilet kommend seizoen foar de Harkemase Boys. Fellinga spile earder twa wedstriden foar sportklup Hearrenfean. Hy debutearre tsjin Vitoria Setubal yn de UEFA Cup.
Fellinga is Haïtiaansk ynternasjonal en spile earder foar Veendam. Syn lêste klup wie FC Toronto út Kanada. De seleksje fan topklasser Harkemase Boys is no sa goed as rûn. Tongersdei wurdt de lêste spiler presinteard.