'Strjitfestival wie súkses'

It strjitfestival yn Ljouwert hat 85.000 besikers lutsen. Yn de Fryske haadstêd wiene 160 strjitteater- en muzykfoarstellings. De organisaasje is tige tefreden oer it wykein. Op it festival wiene in soad bûtenlânske artysten, lykas de Spaanske Leandre Ribera, it Ingelske duo The Others en de Frânske groep Makadam Kannibal.
Muzikanten kamen ek út ferskate Europeeske lannen nei Ljouwert ta om op te treden.