VDL bout bussen foar Stockholm

Busbouwer VDL op It Hearrenfean
VDL Bus op It Hearrenfean sil 77 bussen meitsje foar Arriva. Dy hat in grut kontrakt ôfsletten foar it ferfier yn en om Stockholm. Der sille ek 85 bussen fan Arriva omboud wurde foar de Sweedske merk.
Ferline wike waard bekend dat Arriva de konsesje krigen hat foar Noard- en Súdwest-Fryslân en foar Skiermûntseach. Dêrfoar moatte 190 bussen kocht wurde. Dêrfoar is VDL ek noch yn de race.