Leppelbekûndersyk op Skier

Natoerûndersikers hoopje dit jier ekstra ynformaasje te krijen oer de trek fan de Fryske leppelbekken nei benammen Afrika ta. Oer de reis troch Europa en wêr't se krekt sitte, is al in soad bekend. Ek omdat der yn ús kontinint folle mear minsken mei kikers omrinne dy't nei fûgels sjogge.
Om ynformaasje te krijen oer oare plakken krije de leppelbekken satelyt-stjoerders mei. Sneon barde dat foar de tredde kear op Skiermûntseach, dêr't 220 leppelbekken sitte.