Man komt om by auto-ûngelok

De auto bruts midstwa (foto: Hessel Reitsma, 112 Nederlân)
In 39-jierrige ynwenner fan Drachtsterkompenije is sneontejûn om it libben kommen by in ûngelok yn syn wenplak. De plysje krige om kertier foar tsienen hinne in melding oer in auto dy't tsjin in beam botst wie. Dat wie op de Folgersterloane yn Drachtsterkompenije.
De auto wie troch de klap trochmidden brutsen. It slachtoffer siet allinnich yn de auto en ferstoar op it plak sels. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak.