Van der Werf útskeakele

29 maaie 2010 - 23:11

Brechtje van der Werf is mei it matchraceteam op de Delta Lloyd Regatta útskeakele. Mei stjoerfrou Renée Groeneveld en Annemieke Bes waard yn de kwartfinale ferlern fan it Grykske team fan Sofia Bekatorou.

Pieter-Jan Postma helle krekt net de medaljerace yn de Finn. De Ljouwerter, âld-ynwenner fan Terkaple, waard tolfde. Roelof Bouwmeester kaam sneon net mear yn aksje. Earder op de dei helle Marit Bouwmeester de finale fan de medaljerace yn de Laser Radial.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)