Wer deititel Bart Helmholt

Bart Helmholt hat syn twadde oerwinning fan dizze wike binnen. Nei de 19.98 fan woansdeitejûn yn It Heidenskip ljepte er op De Jouwer yn syn lêste sprong nei 19.54. De ljeppers hiene it dreech troch de hurde sydwyn. By de froulju pakte Hiske Galama mei 14.21 har fjirde deititel.
Nard Brandsma by de junioaren mei in skânsrekôr fan 18.43 en Gregor Boelens mei in persoanlik rekôr fan 16.96 by de jonges ha alles noch wûn dit seizoen.