8.000 km fytse foar goed doel

29 maaie 2010 - 14:53
  • Benjamin de Bruijn dwaande mei syn 8.000 kilometer

De measte minsken hawwe wol wat oer foar in goed doel. Mar guon geane wol hiel fier. Benjamin de Bruijn bygelyks. De 20-jierrige Dokkumer sit de kommende 26 dagen tsien oeren deis op 'e fyts. De Bruijn sil yn dy tiid 8.000 kilometer ôflizze foar 'Spieren voor spieren'.

De Bruijn wol mei syn prestaasje ek in plak fertsjinje yn it Guiness Book of records. Syn âlden sitte om beurten yn de folchauto om harren soan te stypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)