Glossy 'Foppe' presintearre

29 maaie 2010 - 12:09
  • Foppe en Sandra mei de earste Foppe (foto: FPH/Mustafa Gumusi)
  • De 'Foppe' kin besjen lije

Linda de Mol hat de Linda, Jan Mulder de Jan en koartlyn hie minister Gerda Verburg fan Lânbou de Gerda. En no heart ek fuotbaltrener Foppe de Haan by dat yllustere selskip. Freed krige er yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean de glossy FOPPE útrikt.

De Haan krige it tiidskrift fanwege it fiifjierrich bestean fan it Foppe Fûns. Dat fûns sammelt jild yn om handikapte bern oan it sporten te krijen. Dat bart troch it beskikber stellen fan elektryske rolstoelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)