Kabinet giet troch mei JSF

29 maaie 2010 - 10:44
  • De JSF

It kabinet giet troch mei de testfaze fan it gefjochtsfleantúch de Joint Strike Fighter, de JSF. Dat liet minister Middelkoop fan definsje freed yn in brief oan de Twadde Keamer witte.

In mearderheid yn de Keamer besliste foarige wike dat ús lân út it JSF-projekt stappe moast. Neffens Middelkoop kin it demisjonêre kabinet gjin besluten nimme dy't grutte gefolgen ha kinne foar it nije kabinet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)