Marit Bouwmeester wer yn foarm

28 maaie 2010 - 22:04

Marit Bouwmeester hat op de tredde dei fan de Delta Lloyd Regatta har foarsprong yn it Laser Radial-klassemint fergrutte. Marit helle opnij in oerwinning, har fjirde, en waard in kear fiifde en twadde. Se hat no alve punten foarsprong op Veronika Fenclova út Tsjechië.

Broer Roelof Bouwmeester die it yn syn Laser hiel wat minder. Troch in te betide start, in diskwalifikaasje en in fiifde plak, sakke er fan it sechsde nei it 23ste plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)