Kemping by Esonstêd

28 maaie 2010 - 21:50

Noardeast-Fryslân hat der in nije toeristyske fasiliteit by. Der kin no ek kampeard wurde by Esonstêd by De Skâns. Der is romte foar 120 tinten, karavans en campers op de kemping dy't offisjeel iepene is troch wethâlder Tytsy Willemsma.

Esonstêd docht fanwege de poarte en de trepgevelhúskes tinken oan in festingstêd út de 17de ieu. De kemping is klear en no wurdt úteinset mei it wurk oan in 'par en putt' golfbaan. Dy wurdt yn 2012 oplevere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)